V.V. Eastermar, de skiednis

Let op: opent in een nieuw venster PDFAfdrukkenE-mailadres

Inleiding

De eerste voetballers in Eastermar waren de jongens die voor en na schooltijd een balletje trapten op het veldje achter de Chr. Nat. School op ’t Heechsân. Dat gebeurde in de vijftiger jaren van de vorige eeuw. De jongens die daaraan meededen verloren het enthousiasme voor ‘hun’ sport niet toen zij ouder werden. Zij legden, geholpen door een aantal oudere enthousiastelingen, de basis voor wat later de Voetbal Vereniging Eastermar zou worden.

 

Behyplike start

Dizze basis waard yn 1969 in hecht fûnemint doe’t in stinsele oprop oan ‘e sportleafhawwers yn ’t doarp in kloft jongbazen nei kafee ‘Meerzigt’ lokke. Dêr waard op 6 juny de fuotbalferiening offisjeel oprjochte. Hjirnei gie it rap, want de ledelist mei krapoan 70 nammen koe al yn augustus nei de KNVB stjoerd wurde. Der waard in bestjoer keazen dat út seis man bestie. Dizze pioniers wienen: Jelle Hamstra (foarsitter), Ids Groenewoud (sekretaris), Piet Swart (ponghâlder), Bart de Jong, Ale Nijboer en Jappie Tillema (bestjoersleden).

Mei help fan master R.M. de Vries út ‘e Drachtster Pein koenen de nedige formaliteiten ôfhannele wurde. In trener, Klaas Gorter, waard oanhelle foar de beide senioare-alvetallen. Der kaam in ôfspraak om op tongersdeitejûn te trenen op it fjildsje achter de beukerskoalle fan doe, dat no ’t Hof hyt. Dat moast, want it fjildsje achter de C.N.S. hie tefolle te lijen fan it yntinsive gebrûk. De jeugdploegen treenden ek achter de beukerskoalle: freedtejûns (B’s) en moandei-, tiisdei- en woansdeitejûns (welpen).

De wedstriden, earst oefenpotsjes tsjin ‘bierploegen’ en ferienings út de omkriten, waarden spile op in stikje greide oan de Grote Hornstweg tusken de nû’s 14 en 16. Dat ‘fjild’ hie de minimale maten en it publyk koe eins mar oan ien lange kant stean. Dochs moast ek dit minimale fjildsje klear makke wurde foar kompetysjewedstriden en dat koste nochal wat. De ponghâlder fan doe stapte nei de pleatslike RABObank en krige dêr in liening fan f 3000,- los, mar dan moasten de hearen bestjoersleden èn har dames persoanlik boarch stean en derfoar tekenje wolle. Sa grut wie it entûsjasme dat elk syn poatsje ûnder it formulier ta kredytferliening sette. Doe koe it bestjoer oergean ta oanskaf fan doelen, netten, ballen, kalkark, hoekflaggen, ensfh. It bleau lykwols behelpen dêr oan ‘e Grutte Hoarnst: as der op de iene goal mist waard fleach de bal oer de Grote Hornstweg en achter de oare goal moast de bal soms út ‘e groppe fan ‘e oangrinzjende stâl helle wurde. Net by dit spylfjild en ek net by it treningsfjild wienen klaairomtes. Om oer douches mar te swijen. De skiedsrjochter hie by it spylfjild in hokje fan 1x1 meter ta syn foldwaan en koe him dêr allinnich mar omklaaie… Dat alles beynfloede de ynset fan spilers net. Dat waard bewiisd troch de útslach fan ‘e earste offisjele kompetysjewedstriid fan VVE 1: thús waard De Sweach zm2 mei 7 – 1 oprôle. In oar opmerklik feit wie dat VVE 2 syn earste kompetysjetreffen yn ‘e Pein tsjin ONT mei 14 – 0 ferlear en dat makke de doelman fan de Eastermarders sa poerlilk, dat er fóár it einsinjaal it fjild ferliet.


Verhuizing

Zo kreeg de jonge vereniging te maken met sportieve hoogte- en dieptepunten. Als voorbeeld van het laatste waren de schorsingen die de topscorer van de club (van de 72 doelpunten in één seizoen maakte hij er 54!) moest ondergaan. Hèt hoogtepunt uit die beginjaren, seizoen 1970 – 1971, was de gewonnen kampioenswedstrijd tegen BCV 3 in de hoofdplaats: uitslag 2 – 6 en promotie naar de 3-de klasse Friese Voetbalbond (FVB), wat als doelstelling was gesteld door de trainer voor dat seizoen.

Ja, ja, de VVE was z’n tijd ver vooruit!

Naast de verhuizing naar een hogere klasse, ging de club in 1971 ook spelen op een andere locatie: het terrein in de ‘punt’ van de kruising Grote Hornstweg - Zwarteweg, waar nu ‘De Nije Hoarnst’ staat en de volkstuintjes daarachter. Deze plaats werd door de gemeente als een tijdelijke oplossing aangemerkt. Die tijdelijkheid duurde tot en met seizoen ’76-’77.

Vooraan, tegen de Grote Hornstweg aan, lag het trainingsveldje, want het terreintje achter de kleuterschool werd bouwterrein voor de nieuwe wijk ’t Hof. Achter dit nieuwe trainingsveldje kwam het speelveld, dat eigenlijk te smal was. Zo kon ook hier het publiek maar aan één lange kant, langs de Zwarteweg, staan. Maar dan wel achter een afscheiding van palen en buizen. Dat materiaal werd door de gemeente beschikbaar gesteld en door vrijwilligers uit het dorp geplaatst. Aan de andere lange zijde was geen afrastering en liep de zijlijn op nog geen twee meter van een sloot met elzensingel. Toch gaf de FVB van toen toestemming om daar te spelen.

Een hok – dankzij een gunstig bedongen prijs door penningmeester Piet Swart overgenomen van bouwbedrijf Swart (zijn vader dus) – werd bijgebouwd met daarin twee kleedruimten voor ‘thuis’ en ‘gasten’ en een ‘scheidsrechterskast’. Buiten dit hok stond een paal met daarop een buitenkraan die, via een stuk tuinslang, water kreeg uit de naastgelegen slagerij. Dit vormde de wasgelegenheid. In de pauze van de wedstrijden zorgde de uitbaatster van café ‘Meerzigt’, Anneke van der Meulen, voor thee á raison een rijksdaalder. Annekes steun en toeverlaat Mient van der Sluis bracht fietsend de volle theeketel en koppen in een mand naar ‘het stadion’. Het was allemaal niet optimaal, maar ten opzichte van de eerdere ‘accommodatie Grote Hornstweg’ toch een vooruitgang.

Deze verbetering had echter een nadelige invloed op de financiële positie van de VV Eastermar en er werd besloten om jaarlijks een bazaar te organiseren. De eerste werd gehouden in september 1971, leverde f 2300,- op en bracht de club weer in de zwarte cijfers.


Nei ‘De Burgerkamp’

Al hoe behyplik de materiële (fjild, finânsjes, útrissing) doe ek wie, de mentaliteit fan ‘e leden, donateurs en supporters hie der net ûnder te lijen. De feriening groeide en der waard mei ynmoed fuotballe. It tal alvetallen naam ta. Foar it seizoen ’76 – ’77 koenen bgl. 7 alvetallen ynskreaun wurde by de KNVB ôfd. Fryslân, koartwei de FVB. Dat wienen 3 senioare-, 1 A-junioare-, 1 B-junioare-, 1 A pupille- (10/12 jr.) en 1 B pupilletiim (8/10 jr.). Yn in earder seizoen koe sels in damesalvetal oanmeld wurde.

In oare ploech aktivelingen sette yn 1975 de fuotbalkrante ‘Rollend Contact’ op. De start fan dit stinsele klupblêd wie flitsend, al wienen der bytiden wat problemen mei de besoarging fan it ferieningsorgaan. Dat die bliken op in ledegearkomste ein 70-er jierren doe't ien fan ‘e leden de fraach stelde: ”Kin dat ‘Contact’ ek oan ‘e Heidbuorren ta rôlje?”

Foar bestjoersfunksjes waarden yn ’t doarp minsken fûn dy’t har mei hert en siel ynsetten foar de feriening. Yn 1977 waard ôfskie naam fan foarsitter Jelle Hamstra, de man fan de earste oere. Yn dy earste jierren hie Jelle it as Eastermarder ûndernimmer – hy hie in SRV-wein en in winkel – it net altiten maklik mei syn dûbelrol foarsitter/winkelman. Hy fertelde dat der wolris skeel wie mei âlden fan jeugdleden: “As myn bern net op dat-of-dat plak yn ’t tiim meispylje kin, sjochst my net wer yn ‘e karre of de winkel…”

Jelle syn opfolger waard Roelof Annema, de boppemaster fan ‘e Chr. Nat. Skoalle. Dy ferfolle dizze funksje oant 1990 en Roelof hie gjin lêst fan ditsoarte akkefytsjes. Hy moast as foarsitter wol daliks oan ‘e bak, want de fuotballers koenen einlings (!) teplak op in echt sportkompleks. Nei in hiel skoft fan brieveskriuwerij, petearen mei amtners, fragen fan ‘e FVB-meiwurkers en sels drigeminten rjochting it gemeentebestjoer kaam it klear: sportkompleks ‘De Burgerkamp’ waard yn gebrûk naam. It gemodder op ’t fjild by de Grutte Hoarnst/Swartewei wie oer!

Op 22 oktober 1977 iepene wethâlder Atse Berend Atsma, ek ynwenner fan Eastermar, de nije akkomodaasje oan ’t Hof. It lei der prachtich hinne mei twa spylfjilden, in treningshoeke, in fiks spylfjild mei treningsromte foar de kuorballers fan ‘De Oanhâlder Wint’ (DOW) en in kantinegebou mei klaairomtes. Neist dat bouwurk waard ek de nije gymnastykseal yn gebrûk naam. Dêr koenen de skoal- en ferieningsgymlessen, volleybal- en yn ’t winterskoft foar de jongsten fuotbal- en kuorbaltreningen plakfine.

Yn syn iepeningstaspraak stuts Atsma de loftrompet op oer dizze nije oanwinsten foar it doarp. Hy hie lykwols wol in opmerking ‘Ter leering ende vermaeck’ yn petto: “Ik kom wol op mear sportakkomodaasjes en dan sjoch ik dêr al dy reklamebuorden lâns de fjilden. Minsken, dy bûnte flikkerij moat wy hjir net ha…”

Eins wie dat al in achterhelle opmerking, want it fenomeen ‘sponsoring’ hie al in fêst plak yn ‘e struktuer fan ‘e VVE. De ploegen spilen al mei bedriuwsbyldmerken op har tenue en rûnen mei sporttassen dy’t beprinte wienen mei de namme fan in winkel of horekagelegenheid. De komst fan reklamebuorden om it fjild liet doe ek net lang op him wachtsje.

Under it bewâld fan Annema waard der ek in jeugdkommisje ynstallearre en dat skeelde yn it bestjoerswurk in slok op in buorrel. Dizze kommisje organisearre ek mei regelmaat jeugdtoernoaien, wêrûnder in grut jeugdtoernoai by it 10-jierrich bestean yn 1979.

Wat ek nochal wat tiid, ynset en geduld frege wie de dielname oan in nij fenomeen: it behear fan de nije kantine. It gemeentebestjoer hie derop oanstien dat it behear fan dy akkomodaasje yn hannen kaam fan in kantinekommisje. Dy waard foarme troch fertsjintwurdigers fan ‘e beide ferienings dy’t der gebrûk fan makken. Dat wienen dus VVE en DOW. De kommisjeleden, dêr’t VVE-foarsitter Annema ien fan wie, namen de ferantwurdlikens foar de kantine op har. Hja moasten besluten nimme oer ûnderhâld, materialen, jildsaken, ynkeap konsumpsjeartikels en… de ferdieling fan ‘e ynkomsten. Dat lêste wie geregeldwei in punt fan diskusjes dy’t bytiden, ek yn ledegearkomsten fan ‘e beide ferienings, heech oprûnen. Sa heech dat der op in ledegearkomste fan ‘e VVE oppere waard dat in ‘eigen’ klupgebou op ’t kompleks in oplossing wêze koe foar it almar iggewearjen mei ‘dy kuorballers’ oer de sinteraasje. Gelokkich is dat ûnsillige idee nea útfierd…

 

Privatisering

Op het gehele sportcomplex ‘De Burgerkamp’ (velden en de bijbehorende gebouwen) is in de loop der jaren nogal wat veranderd. In de tachtiger jaren werd er, met de opbrengst van een zeer succesvolle sponsorloop een bestuurskamer aan de kantine gebouwd. Toen de Tennisvereniging ‘Marslach’ werd opgericht (1996) kreeg deze, met hulp van de gemeente ruimte voor twee tennisbanen op de plaats van de voetbaltrainingshoek. Daardoor moest het – haaks op het hoofdveld gelegen – tweede veld parallel aan het hoofdveld gelegd en een trainingsveld achteraan (noordelijk) op het complex gesitueerd worden. Toen de tennisclub er een derde baan bij kreeg, werd ook de noodzaak voor een eigen verblijfsruimte gevoeld en die kwam er dan ook.

Daarvoor waren er tegenover de bestaande kleedruimtes al twee, veel ruimere, ‘boxen’ en een verbindingsgang bijgebouwd, terwijl ook het vloeroppervlak van de kantine nog weer werd vergroot met een uitbouw aan de zuidkant. Hoewel al dit werk werd gefaciliteerd door de gemeente Tytsjerksteradiel, had het zonder de hulp van tientallen vrijwilligers niet uitgevoerd kunnen worden.

Voor al deze veranderingen was de instemming van de ‘Beheersstichting Burgerkamp’ vereist. Een bestuursorgaan dat door de gemeente (1993) werd ingesteld, volgend uit het beleid om verantwoordelijkheid en zorg voor de accommodatie naar de gebruikers te brengen, kortweg ‘de privatisering’. Deze Beheersstichting (opvolger van de eerdergenoemde kantinecommissie) kreeg van de gemeente een startkapitaal  (‘bruidsschat’) mee, maar in de praktijk bleek die niet toereikend voor de uitvoering van alle bovengenoemde aanpassingen. Tennisvereniging ’Marslach’ bleef financiëel op afstand van deze stichting, maar steunde wel (hulde!) de 4 dorpsveilingen die gehouden werden om de kas van Beheersstichting ‘Burgerkamp’ gezond te houden.

Bij zo’n dorpsveiling werd de dorpsgenoten en de bedrijven in Eastermar en omgeving gevraagd om een kavel – in de vorm van voorwerpen, diensten, (zelfgemaakte) consumptie-artikelen – aan te leveren. Het aangebodene werd dan op een avond in de gymzaal bij opbod verkocht. In totaal was de opbrengst van deze veilingen, gehouden in 2001, 2004, 2007 en 2011 zo’n € 18.000,-. Een fenomenale prestatie van de betrokken dorpsbewoners en clubleden!

Meest recent zijn de in de zomer van 2016 uitgevoerde aanpassingen aan het interieur van de kantine. Nadat de gemeente toestond ook andere activiteiten buiten het sportgebeuren om (bridgemiddagen, familiefeestjes, vergaderingen van andere verenigingen, e.d.) te vergunnen, vond het stichtingsbestuur dat de kantine daarvoor geschikt gemaakt moest worden. Hiervoor werd – weer niet tevergeefs! – een beroep gedaan op de inzet van vrijwilligers. Met een andere vloerbedekking, wandbekleding, meubelkeuze en barlocatie kreeg de ontmoetingsruimte een geweldige ‘facelift’, die bewondering oogstte van de bezoekers.


Belutsenens

Sportief sieten de VVE’ers ek net stil. Der waarden kampioenskippen behelle mei byhearrende promoasjes. Yn bgl. 1980 waard it flaggeskip fan ‘e klup kampioen fan ‘e 2-de klasse FVB. It jier dêrop degradearre dizze A-seleksje lykwols wer nei FVB-klasse 3. It heechste dat it ‘earste’ helle, barde yn 2004 doe’t promovearre waard nei de 4-klasse KNVB. Yntiid (1996) wie de FVB opgien yn ‘KNVB-district Noord’ en wie de 6-de klasse fan dat distrikt yn 2001 troch it bûn skrast.

Ek fan de ‘legere’ alvetallen koenen suksessen ynboekt wurde. Sa waard yn 1982 it 3-de senioare-alvetal kampioen yn ‘e 4-de klasse en yn it jierferslach fan dat seizoen as foarbyld foar alle oare alvetallen neamd. Ek de jeugd stie der goed op, omdat sawol A- as C-junioaren yn dat jier de boppeste plakken yn har kompetysjes hellen.

Treend waard der ek. In hiele ris treners hat de klub hân, mar ien namme komt in tal kearen werom yn ‘e boeken en dat is dy fan Hendrik Borger.

Bûten it fjild holpen de spilers, bestjoersleden, stipers en âlden fan jeugdspilers mei by aksjes om de finansjele basis fan ‘e klub te ferstevigjen. Tink oan de neamde bazaars, mar ek snert-, húskepapier, koeke-, aaien-, ‘hanging basket’- en âldpapieraksjes (de lêste yn ‘e mande mei de ibs ‘De Bolster’). In boppeslach wie yn dit ferbân de ynstelling yn de jierren 90 fan ‘e ‘Klup-fan-100’, wat ynhâlde dat de leden fan dy klup jierliks f 100,-/€ 45,- stoarten op ‘e bankrekken fan de VVE. It beskikber kommen jild waard/wurdt brûkt om de útstrieling fan ‘e fuotbalferiening te ferbetterjen: klupjassen foar senioare- en jeugdlieders, in nij elektroanysk skoareboerd by it haadfjild, de bou fan ‘dug-outs’ op beide fjilden, ensfh.

Ut dizze ‘Klup-fan-100’ ûntstie de sponsorkommisje en dy hat har fertsjinstlik makke mei it oan ‘e man bringen fan reklamebuorden – ja, dyselde ‘bûnte flikkerij’ sa’t it yn 1977 neamd waard – fan bedriuwen yn ’t doarp en omkriten, it pleatsen dêrfan en de ynkasso fan ‘e ferskuldigde bedragen. Dizze sponsorkommisje hat ek foar in grut part de fjildferljochting fan it byfjild yn 2015 mooglik makke.

Dat it mei de stabiliteit fan ‘e VVE wol goed sit docht bliken út it feit dat de klup yn syn hast 50-jierrich bestean (dat jubileum wurdt fierd yn 2019) mar 6 foarsitters hân hat:

Jelle Hamstra (1969 – 1977); Roelof Annema (1977 – 1990, beneamd ta earelid); Oene Wagenaar (1990 -  2005, ek earelid wurden); Jaap Tillema (2005 – 2007, ús ûntfallen nei in earnstige sykte); Ina Elting (2007 – 2010); Dries van der Ploeg (2010 – no). De ynset en positiviteit fan de (bestjoers-)leden wurdt op wearde skat troch it Eastermarder fuotbalfolk, want ek oare belutsenen by de klup waarden beneamd ta ‘leden fan fertsjinste’ (eareleden). Dat binne bûten de boppesteande foarsitters ek noch Albert Bakker, Folkert van Dijk en Bouwe Boersma. Hulde oan dizze kluppromoaters!

 

Slotwoord

Hiermee wordt dit historisch overzicht afgesloten. Voor de V.V. Eastermar lijkt een goede toekomst weggelegd met een 50-jarig jubileum in ’t verschiet. Gezien de bovenstaande feiten en verhalen mag verondersteld worden dat de vereniging met haar leden, donateurs, supporters, sympathisanten, 2 seniorenelftallen, een ‘fris-van-de-lever-spelende’ 35plus-groep, 1 meidenjuniorenteam, 2 jongensjuniorenelftallen en 5 pupillengroepen de volgende halve eeuw met vertrouwen tegemoet kan zien.

DERFOAR!

 

Wijbe Postma, nov. 2016

 

Boarnen:   Jubileumboek ‘25 jaar V.V. Eastermar 1969 – 1994’

Presentatiegids najaar ’16 – ‘17

Roelof Annema, Oene Wagenaar en Dries van der Ploeg