Welkom bij VV Eastermar

Gefeliciteerd!

Let op: opent in een nieuw venster PDFAfdrukkenE-mailadres

Laatst aangepast op maandag 25 mei 2015 18:47 Geschreven door PR maandag 18 mei 2015 22:19

Het bestuur van de Voetbalvereniging Eastermar feliciteert de

F-pupillen met het behaalde kampioenschap!

Klink hier voor een foto van onze kampioenen.

 

Ook feliciteert het bestuur de 35+ met het behalen van de

volgende ronde van het bekertoernooi!

   

Aldpluskes – OVE: 3-7

Let op: opent in een nieuw venster PDFAfdrukkenE-mailadres

Geschreven door PR maandag 18 mei 2015 21:57

Op Himelfeartsdei is it sa stadichoan tradysje dat de âld-35+spilers fan VV Eastermar in wedstriid spylje tsjin de sportivelingen fan de ‘Ondernemers Vereniging Eastermar’. Sûnt ferline jier is de ynset fan dit fuotbalevenemint de ‘Klaas van der Ploeg-bokaal’. Klaas van der Ploeg wie in tige wurdearre kollega-fuotballer, dy’t him boppedat op it sportkompleks sjen liet as tennisser, wylst er ek syn spoaren fertsjinne as bestjoerslid fan de Burgerkampbehearsstifting. Klaas ferstoar yn ‘e maitiid fan 2013.

 

Hoewol’t de publike belangstelling wat minder wie as foarich jier, wienen de wol oanwêzige taskôgers tsjûge fan in doelpuntefestijn. De âldpluskes moasten yn de

OVE-ers har meardere erkenne, want mei in 3–7 útslach mocht OVE-oanfierder

Jannes Hamstra út hannen fan Klaas’ soan Ids Catrinus van der Ploeg de bokaal yn ûntfangst nimme. Yn de ‘tredde helte’ waarden de hichtepunten fan de earste twa spylhelten ûnder it genot fan in hapke en in drankje nochris oereide.

 

De earste helte begûn goed foar de pluskes, want in OVE-ferdigener makke hands yn ‘e eigen sechtjin en doe wie it foar spits Molle Heidbuurt net sa dreech om keeper Jannes Hamstra te passearen (1–0). It wie krekt oft dêrmei it OVE-tiim wekkerskodde waard. It slagge de sportive ûndernimmers om mei har – foar de plussen te – rappe oanfallers it net achter doelman Floor Schoenmakers trije kear te finen. Sa kaam de rêst mei in 1–3 foarsprong foar de OVE.

 

Nei ’t skiedsrjochter Cor Brouwer de twadde helte start hie, gienen de dochs wol wat

fluggere en technysker OVE-ers fierder mei har oanfallen en it wie samar 1–7. Sa’n útslach woenen de plussen fansels net op har gewisse ha en Hindrik Tadema gie dêrom foarop yn ‘e striid. Hy skeat op bjusterbaarlike wize in pingel achter Jannes Hamstra. “It makket net út hoe’t je in pingel nimme, as er der mar yn giet”, wie Hindriks kommintaar nei ôfrin. Oaren mienden dat syn skot as ‘in platte Panenka’ de skiednisboeken yn moast.

 

De einstân 3–7 kaam op ’t skoareboerd troch in technysk heechsteande assist fan Hindrik dy’t Molle stylfol ôfmakke.

   

Pagina 95 van 102