Welkom bij VV Eastermar

Ferslach Koaitoernoai 2019

Let op: opent in een nieuw venster PDFAfdrukkenE-mailadres

Laatst aangepast op donderdag 19 september 2019 09:19 Geschreven door P.R. V.V. Eastermar dinsdag 03 september 2019 14:42

Om't de fuotbalkoai oan ’t Harstepaad foar de simmerfakânsje in grutte opkreasbeurt krige hie, woe de Behearsgroep Fuotbalkoai Eastermar it jierlikse koaitoernoai wat grutter opsette. Foar de skoalfakânsje en fuort dêrnei ynventarisearren leden fan ‘e behearsgroep it tal entûsjastelingen dat wol dielnimme woe. Der joegen har 30 basisskoallebern op, ek in fikse groep famkes. It úteinlike tal sporters dat ôfrûne saterdei opdraafde wie 14 en net ien famke (!?). Ek de winner yn 2018 fan ‘e Klaas van der Ploegbokaal kaam net om syn trofee te ferdigenjen. Mar… dyselden dy’t der wól wienen ha in moaie en sportive middei hân. De behearsgroepleden hiene in hiel aardich programma foar de spilers úttocht. Der waard start mei ‘blokjefuotbal’ en dat waard fanatyk spile, sadat dizze earste ronde al binnen tsien minuten beslikke wie. Neist in ûnderlinge kompetysje fan lytse ploechjes yn ‘e fuotbalkoai, koene de groepkes har keunsten ek sjen litte by ’t heechhâlden, latsjetraap, boochjebal en de fuotbalestafette. Al dizze ûnderdielen diene in grut berop op de balfeardigens fan de dielnimmers.

Uteinlik kaam tiim 2, besteande út Hindrik Oosterman, Klaas Sybren Offringa, Jorn Dittfeld en Teake Tjoelker, as bêste út de bus. De einronde, dy’t bepale soe wa’t de Klaas van de Ploegbokaal in jier lang thús te pronk sette mei, bestie út it skoaren fan in ‘panenka’ troch de leden fan it winnende tiim 2. Dy finale wie bloedspannend, want Hindrik Oosterman en Teake Tjoelker hiene in soad striid om de bal mei in moai boochje fan ‘e middelline ôf achter de doelline stuitsje te litten foardat er it ‘net’ rekke. Dochs waard by einbeslút Hindrik Oosterman de winner en koe hy de bokaal yn ûntfangst nimme.

De Behearsgroep Fuotbalkoai

(Bram van der Bij, Klaas Albert Dijkstra, Piet Hogendorp, Jacob Jan Ozinga, Jurre Jan Venema, Tjeerd Dijkstra, Hendryk Dittfeld en Wijbe Postma)

Sjoch ûndersteande link foar foto's (red.):

https://photos.app.goo.gl/Sg6XDC3KKiqYQzJy7

   

Verslag Eastermar JO19 vs. SC Heerenveen JO17

Let op: opent in een nieuw venster PDFAfdrukkenE-mailadres

Geschreven door P.R. V.V. Eastermar zaterdag 22 juni 2019 08:45

Op de website van Kanaal 30 staat een verslag van de wedstrijd Eastermar/Sumar JO19 - SC Heerenveen JO17, welke gespeeld is op dinsdagavond 18 juni jl. Zie onderstaande link:

https://www2.rtvkanaal30.nl/sport/13-voetbal/4005-der-moat-ferskil-bliuwe.html

   

Pagina 9 van 178