Welkom bij VV Eastermar

Ferslach Koaitoernoai 2017

Let op: opent in een nieuw venster PDFAfdrukkenE-mailadres

Laatst aangepast op zaterdag 22 juli 2017 23:10 Geschreven door PR donderdag 13 juli 2017 21:57

Sa’n fyftjin jongbazen melden har saterdeitemiddei om 14.00 oere by de fuotbalkoai oan ’t Harstepaad foar it Koaitoernoai. Troch de organisaasje, de leden fan ‘e Behearsgroep Fuotbalkoai, waarden se mei iepen earms ûntfongen. De flier wie in pear wike earder troch de gemeente goed skjinspuite en der wienen genôch ballen oanwêzich, dus koe it mar oangean.

Der waard yn twa leeftiidsgroepen spile: fan 6 o/m 12 jier en fan 13 o/m 15 jier. De ûnderdielen wêrby ’t de fuotbalfeardigens toand wurde moast, wienen it heechhâlden, it latsjetraapjen, de panenka en it toanen fan ‘myn moaiste trúk’. Dat lêste wie dit jier in nije aktiviteit. Der waard mei ynmoed spile en presteard. It nije ûnderdiel sprong derút troch de eksoatyske nammen dy’t oan ‘e trúks jûn waarden: ‘Round the world’, ‘De flits’, ‘De joepy-poepy’, ‘De hakky-takky’, ensfh. De sjueryleden hienen it wakker dreech mei de beoardieling.

Yn dy trúkje-kategoary wienen de priiswinners Klaas Albert Dijkstra mei ‘The rainbow’ en Jacob Zeilstra twadde mei syn ‘Nekslag’.

By it heechhâlden ûnder 12 jier wie Lucas Keizer (82 x) de bêste en twadde waard Jacob Zeilstra (60 x). By de âldere jonges wie nû.1 Menno Dijkstra (321 x !!!) en nû. 2 waard Jurre Jan Venema (64 x).

By latsjetraap wie de kampioen by de jongsten Peke Ritsma en as twadde einige Sjoerd Tjepkema, wylst by de âldste groep yn de deselde folchoarder Jacob Jan Osinga en Menno Dijkstra einigen.

It ûnderdiel panenka krige as topper by de jongsten Peke Ritsma en twad Lucas Keizer; by de âldsten skoarde Bram van der Bij it bêste en dêrachter kaam Piet Hogendorp.

It tige slagge toernoai – mei troch it beskikber stellen fan ‘e prizen troch de V.V. Eastermar – waard ôfsletten mei in lytse kompetysje fan fjouwer tiims gearstald út alle dielnimmers.

Klik op ûndersteande links foar foto's:

www.vveastermar.nl/images/stories/Koaitoernoai2017.jpg

www.vveastermar.nl/images/stories/Koaitoernoai2017_2.jpg

www.vveastermar.nl/images/stories/Koaitoernoai2017_3.jpg

   

Samenwerking met VTON

Let op: opent in een nieuw venster PDFAfdrukkenE-mailadres

Laatst aangepast op woensdag 12 juli 2017 21:19 Geschreven door PR woensdag 12 juli 2017 13:50

V.V. Eastermar is op het gebied van trainingen voor alle jeugdtrainers een samenwerking aangegaan met VTON.

De VTON-Voetbalmethode is een doorlopende leerlijn voor de jeugd van 5 tot en met 19 jaar. Trainers en spelers werken in een jaarplanning samen aan concrete doelstellingen. Alles komt aan bod: techniek, tactiek, fysiek en mentaal. De methode ondersteunt met meer dan 700 kant-en-klare trainingen.

Zie deze link voor meer informatie: www.vton.nl

Dinsdagavond 11-07-2017 is een proeftraining gehouden, samen met de jeugdtrainers en VTON. Zie voor foto's en video's onderstaande link:

https://goo.gl/photos/EN2oqZzo9ejK8Xwf6

   

Pagina 1 van 98